Kramer wol gjin favoriterol

03 nov 2011 - 13:44

Sven Kramer makket freed nei oardel jier blessuereleed syn comeback by it NK ôfstannen op 'e fiif kilometer. Neffens Bob de Vries, de regearend Nederlânsk kampioen op dy ôfstân, is Kramer favoryt. Kramer sels seit dat dat net realistysk is. "Mar miskien kinne oaren net mei dy druk omgean." Nei de fiif kilometer makket Kramer bekend oft er de 10 kilometer ek ride sil. "Mar as de fiif goed giet, wol ik de 10 ek ride."

Trefwurden: 
Sven Kramer
(advertinsje)