Wyn spulbrekker op Oerol

25 jun 2012 - 10:00

Oerol hat mei sa'n 50.000 minsken wat minder besikers lutsen as ferline jier. Dat is de earste ynskatting fan de organisaasje fan it festival op Skylge. De foarstellings binne goed besocht en de foarferkeap fia ynternet ferrûn bêst. De organisaasje is tefreden.

It waar wie bytiden spulbrekker. Troch benammen de hurde wyn giene tal fan foarstellings net troch en dat wylst it tema wie 'De wind voert het woord'.

Trefwurden: 
Oerol
(advertinsje)
(advertinsje)