Húsdokter tefreden oer akkoart

25 jun 2012 - 09:38

De Fryske Húsdokters Feriening is te sprekken oer it akkoart fan minister Schippers mei de húsdokters. De húsdokters ha ferline jier 100 miljoen euro tefolle útjûn, mar dat hoege se net werom te beteljen. De nije ôfspraak is om 50 miljoen te besparjen. Dat kin troch mei goedkeapere medisinen te wurkjen, mear mei e-mail te dwaan en minder pasjinten nei in spesjalist te stjoeren.

De Fryske húsdokters wurkje al mei goedkeapere medisinen. Se kinne wol mear mei ynternet dwaan.

Trefwurden: 
húsdokter
(advertinsje)