Friezen winne WK aaismiten

25 jun 2012 - 09:29

De Makkumers Andries Smink en Hillebrand Visser binne snein yn it Ingelske Swaton wrâldkampioen aaismiten wurde. It duo helle in ôfstân fan 40 meter. Smink en Visser bleaunen oer mei it Ingelske team. Dêrfoar wiene Dútslân, Grikelân en Ruslân al ôffallen. Smink waard ferline jier ek wrâldkampioen, doe mei smiter Rienstra.

Sneon 7 july wurdt yn Makkum it Iepen Nederlânsk Kampioenskip hâlden.

Trefwurden: 
WK aaismite
(advertinsje)
(advertinsje)