Underwiispriis foar profylwurkstikken learlingen Bogerman

29 maaie 2018 - 11:35
Foto: Google Streetview

Twa learlingen fan de kristlike skoalmienskip Bogerman yn Snits hawwe in KNAW-ûnderwiispriis wûn. Hinke Lise Hoekstra en Pieter Zijlstra betochten oplossingen om de strânljip te behâlden foar Fryslân. Dêrfoar telden en analysearren se tûzenen datapunten.

Bêste profylwurkstikken

De ûnderwiispriis fan de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen is bedoeld foar de bêste VWO-profylwurkstikken fan Nederlân. De KNAW beoardiele dit jier hast 340 wurkstikken fan 155 skoallen.

Priisútrikking

Oft de learlingen fan it Bogerman yn Snits op it earste, twadde of tredde plak einige binne, hearre se op tiisdei 12 juny. Dan wurde de prizen útrikt, yn De Rode Hoed yn Amsterdam.

(advertinsje)