800 soarten yn Ljouwerter bos

24 jun 2012 - 17:48

Yn de Ljouwerter bosk binne 800 soarten floara en fauna teld. Dizze tuskenstân kin Natuurmuseum Fryslân nei dit saneamde Soortenweekend melde. Saakkundigen en besikers sochten om planten, poddestuollen, bisten, fûgels, ynsekten en spinnen. Der wiene ferskate ekskurzjes. Der wiene 640 soarten determinearre. Dit wykein binne der goed 150 nije soarten bykaam. Bysûnder wiene de flinters 'bosbesbruintje' en 'satijnvlinder'. Saakkundigen tinke noch mear soarten te finen.

Trefwurden: 
natuer
(advertinsje)
(advertinsje)