Teäterfoarstelling Mata Hari mei dôvetolk

By de teäterfoarstelling oer Mata Hari is op freed 15 juny yn De Lawei yn Drachten in dôvetolk oanwêzich. Fiif dagen letter soarget de stichting Komt het Zien foar in spesjale foarstelling foar minsken dy't net of min sjen kinne, yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean.
Mata Hari © Fries Museum
Mata Hari wurdt makke troch amateurspilers en professjonele teätermakkers. Sy spylje en dûnsje mei-inoar en meitsje ek muzyk. De amateurspilers binne kliïnten fan Talant en Wil, fan soarchgroep Alliade.
It inisjatyf is ûntstien yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd. Der wurdt gearwurke mei Special Arts en de Stichting Artertainment.