Hurde knallen: jeugdhonk by Sint-Jabik folslein útbrând

29 maaie 2018 - 10:42
Foto: BTB Fotografie

It jeugdhonk oan de Kadal by Sint-Jabik is moandeitenacht folslein útbrând. Omwenners ûntdutsen de brân, nei't se hurde knallen hearden. Doe't se op ûndersyk út gienen, seagen se de flammen al út it gebou kommen.

De omwenners hawwe de brânwacht alarmearre. Dy fernielde in doar om yn it jeugdhonk komme te kinnen en sa de brân te bestriden. Hoe't it fjoer ûntstean koe, is noch net bekend. Brânstichting wurdt net útsletten.

Trefwurden: 
brân jeugdhonk Sint-Jabik
(advertinsje)
(advertinsje)