Bou fan fytsbrêge oer Dokkumer Grutdjip sil hast los

29 maaie 2018 - 08:47

In bouteam set woansdeitemiddei yn Dokkum útein mei de oanlis fan in beweechbere fyts- en fuotgongersbrêge oer it Dokkumer Grutdjip. Om twa oere wurdt symboalysk de earste peal slein, dêrnei wurdt begûn mei de oanlis fan de brêge.

De binnenstêd fan Dokkum - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Foar de boufak moat it betonwurk klear wêze, dêrnei wurde de oanbrêgen pleatst en wurdt it beweechbere part fan de brêge yntakele. As de brêge dan test en keurd is, moatte de earste fytsers en fuotgongers oerstekke kinne.

Wylst de brêge boud wurdt, set de oannimmer ek útein mei it ferfangen fan de daamwand by de Hurddraversdyk. It giet om it stik tusken de Halvemaanspoort en de Schreiersbrêge. In part fan de wâl krijt in natuerlike útstrieling.

(advertinsje)
(advertinsje)