Oerboard sleine fisker rêden út de Noardsee

29 maaie 2018 - 07:23

In fisker dy't moandeitenacht op de Noardsee oerboard sloech, is troch meiwurkers fan in oare fiskersboat út it wetter rêden. Dat hat de Kustwacht bekendmakke, dy't de sykaksje nei de man koördinearre.

Skippen fan de KNRM en de plysje op de Noardsee - Foto: ANP

Krekt foar twa oere nachts kaam der in needoprop fan in fiskersboat dat der in bemanningslid mist waard. Dêrop begûn de Kustwacht in sykaksje. Dêrby waarden ûnder mear twa helikopters en rêdingsboaten fan Skylge en Den Helder ynsetten.

Nei in oere fûn

Ek it skipfeartferkear waard alarmearre en frege út te sjen nei de oerboard sleine fisker. De 21-jierrige man waard goed in oere nei it begjin fan de sykaksje yn it wetter fûn. Hy wie oansprekber, mar wol flink ûnderkuolle. De fisker waard dêrnei mei in helikopter nei Den Helder brocht. Hy is nei it sikehûs ferfierd foar fierder ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)