Dijkstra Draisma wint Koning Willem I Prijs foar MKB's

28 maaie 2018 - 23:13

Boubedriuw Dijkstra Draisma út Dokkum en Boalsert hat moandeitejûn de Koning Willem I Prijs wûn yn de kategory 'midden- en lyts bedriuw'. Algemien direkteur Biense Dijkstra naam de priis yn Nijmegen yn ûntfangst.

Dijkstra Draisma yn Dokkum - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Het bedrijf is een voorbeeld en voorloper in de branche

Koning Willem I Stichting

By de útrikking fan de priis waard it bedriuw priizge. "Het bedrijf heeft de moed getoond haar proces en productie te industrialiseren. Met haar initiatieven voor verduurzaming is het een voorbeeld en voorloper in de branche."

De Koning Willem I Prijs jout bekendheid oan positive en duorsume ûntwikkelingen yn de Nederlânske ekonomy. Offalferwurker Omrin út Ljouwert wie finalist is foar de Koning Willem I Plakkette foar duorsum ûndernimmerskip, mar wûn net.

(advertinsje)