Gearkomsten om krimp yn Noardeast-Fryslân tsjin te gean

28 maaie 2018 - 22:47

In goeie ynternetferbining, it klusterjen fan foarsjennings en goeie berikberens. Sa mar in pear saken dy't moandei suggerearre waarden by in gearkomste yn Westergeast yn it ramt fan de Doarpentoer.

Foto: Omrop Fryslân

De suggestjes waarden dien troch de befolking fan Kollumerlân, Dongeradiel en Ferwerderadiel.

Doel fan de gearkomsten is om yn oerlis mei de ynwenners fan de regio Noardeast-Fryslân in antwurd te finen op de fraach hoe't der omgong wurde moat mei de útdagings fan de takomst, lykas krimp en de ferâldering fan de befolking.

Trefwurden: 
Westergeast krimp
(advertinsje)
(advertinsje)