Advys by waarme Avondvierdaagse: goed drinke

28 maaie 2018 - 22:42

Yn Fryslân is moandei op in soad plakken de Avondvierdaagse wer úteinset. Mei in temperatuer fan sa'n 27 graden by de start is it ien fan de waarmste edysjes ea.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Yn Kollumersweach stienen sa'n 45 dielnimmers minder oan de start as ferline jier. Neffens Jellie Heeringa fan de organisaasje hat dit nei alle gedachten te krijen mei de waarmte. Ekstra maatregels foar de dielnimmers, sa as mear drinkposten, binne net nommen. Wol krije de dielnimmers it advys om genôch drinken mei te nimmen.

Trefwurden: 
avondvierdaagse
(advertinsje)