Hegeskoalle Ljouwert organisearret Congrestival

28 maaie 2018 - 21:59

Hoe kinne je in ûnderwiiskongres mei ûndersyksresultaten oantreklik meitsje foar in grut publyk? Troch der in festival fan te meitsjen, sa redenearret hegeskoalle NHL Stenden.

Foodtruck - Foto: ANP

Fan 6 oant en mei 9 juny organisearret de Ljouwerter hegeskoalle nijsgjirrige workshops op ferskate lokaasjes yn de stêd, lykas de Blokhúspoarte en it MCL. Studinten fan it Honours College fan de hegeskoalle, mar ek learlingen fan de trije MBO's yn Ljouwert presintearje dêr harren eigen útfinings. De tún fan de hegeskoalle wurdt ynrjochte as festivalterrein.

Op ús Congrestival hawwe wy lyk as oare festivals fansels foodtrucks mei lekkere hapkes en drankjes.

Nants Schilstra, organisaasje Congrestival

Sa is der in foodtruck fan Fryske studintûndernimmers, dy't gearwurkje mei Syryske flechtlingen. "By dy foodtruck kinst Syrsyke limonade keapje", fertelt Nants Schilstra fan de organisaasje fan it Congrestival.

Ek it festivalterrein sil brûkt wurde om ûndersyksresultaten sjen te litten. "Der is bygelyks in studint dy't in ticketsysteem betocht hat. Dat kin hy no yn de praktyk teste."

Bedoeling is dat studinten, dosinten en it bedriuwslibben mei inoar yn kontakt brocht wurde. "Mei de foarm fan in festival hoopje wy dat de drompel foar de minsken leger makke wurdt om del te kommen."

(advertinsje)
(advertinsje)