Bewakingskamera rêdt fjouwer swannepykjes yn Jonkerslân

28 maaie 2018 - 21:55

Fiif jier achter mekoar is it net slagge, mar in grutte befeiligingskamera hat fertuten dien. De swanne-aaien yn it nêst op it lân fan boer Johan Monkelbaan yn Jonkerslân binne útkaam. En dat lûkt in protte belangstelling.

In swan op it lân fan Johan Monkelbaan mei pykjes - Foto: Ate de Vries

"It is oerweldigjend hoefolle minsken op in leuke en positive manier reagearre ha. By it nêst, fia de e-mail, fia Instagram, fia Facebook", seit Monkelbaan. "Der wienen al mear as 14.000 reaksjes yn in wike tiid. It hat in soad minsken rekke dat dit bistje fiif jier lang sa steurd is en dat it no dochs goed útpakt is."

Sneon seach ik even en ja hjer: pykjes.

Johan Monkelbaan

Boer Johan Monkelbaan oer de swannepykjes

"Ofrûne tongersdei wie it safier. It wie krekt as in swangere frou, sa reageare se: út de buert bliuwe, want der is wat oan de hân. Ik tocht: no moat ik oppasse. Sels it mantsje wie derby en se wienen beiden goed lilk. Tongersdei en freed binne se sitten bleaun. Sneon seach ik even en ja hear: pykjes. It mantsje hie twa pykjes yn de sleat en it wyfke hie twa jongen by it nêst."

In swan mei twa pykjes yn it wetter - Foto: Johan Monkelbaan

Omdat it swannenêst op it lân fan Monkelbaan de lêste fiif jier hielendal fernield is, hie er in grutte boukamera pleatse litten. Yn in meldkeamer wurde de bylden 24 oeren deis besjoen troch in befeiligingsbedriuw. Monkelbaan: "Ik ha wol echt even tocht: moat dit no wol of net. Mar ik hâld net fan machteleas wêzen, dus ik tocht: mei dizze kamera kin ik yn alle gefallen de fandaal op ôfstân hâlde."

It is in hichtepunt yn myn libben.

Johan Monkelbaan

No't de swannen fjouwer pykjes krigen hawwe, kin Monkelbaan syn blydskip net op: "It is mei-inoar in hichtepunt yn myn libben. Sa'n soad donateurs dy't jild stoarten ha. Ik wol ek dy minsken dy't omtinken en donaasjes jûn ha, betanke foar de stipe."

En takom jier wer? "Ik tink wol dat we besykje sille om it op in goedkeapere wize te regeljen, miskien mei bewegingsmelders dy't it gebiet befeiligje kinne", seit Monkelbaan.

(advertinsje)
(advertinsje)