Plysje siket tsjûgen fan mishanneling op Frou Rock

By in fjochtpartij yn in feesttinte op Frou Rock yn Froubuorren binne ôfrûne sneontejûn twa minsken slim mishannele.
De slachtoffers binne mei in ambulânse nei it sikehûs tabrocht, dêr't se oan harren ferwûnings behannele binne. De plysje hat ûnderwylst ien fertochte oanhâlden. Om't der ferskate minsken by de fjochtpartij belutsen wienen, siket de plysje tsjûgen dy't mear witte of sjoen hawwe.