FNP: "Ferheging grûnwetterpeil moat yn oerlis mei boeren"

28 maaie 2018 - 20:52

De FNP bliuwt foarstanner fan it ferheegjen fan it grûnwetterpeil yn it feangreidegebiet. It foarstel fan de opposysje, dat it ferline wike yn Provinsjale Steaten net helle, gie de partij lykwols te fier. Dat sei fraksjefoarsitter Corlienke de Jong moandei yn It Polytburo.

Je moatte it mei elkoar dwaan, fan ûnderen op. Dit wurdt oplein. En dat kin net.

Corlienke de Jong

Corlienke de Jong fynt dat earst drachflak foar de plannen socht wurde moat by bygelyks boeren en de mienskip. Neffens har kaam it plan fan de opposysje te bot fan boppe ôf. Ek fûn se it spitich dat der gjin finansjele ûnderbouwing fan it plan wie. It kolleezje fan Deputearre Steaten komt yn july mei in nij plan foar it feangreidegebiet.

(advertinsje)
(advertinsje)