Eksposysje Jong&Gay yn NHL Stenden

De eksposysje Jong&Gay giet tiisdei fan start yn NHL Stenden. It is in searje portretten en ynterviews mei jonge Friezen tusken de 14 en 19 jier mei as sintrale fraach: Hoe is it om tsjintwurdich út de kast te kommen?
Gay-jeugd hat al hiel gau te krijen mei saken as ôfwizing, útsluting, problemen mei famylje en ferlies fan freonen. Dêrtroch komme selsmoardgedachten ûnder dizze groep fiif kear faker foar as by oare leeftiidsgenoaten. De antwurden en portretten yn Jong&Gay binne hiel ferskillend.
Djayden (22) en Esther (40)
Djayden is twa kear út de kast kaam. Earst doe't er tocht dat er homoseksueel wie. Doe kaam er der achter dat er eins transgender is en moast er dat wer bekendmeitsje. Hy sit no yn transysje en krijt begjin juny in boarstoperaasje. Djayden is hiel bliid dat er no wit hokker minske hy/sy eins is. Hy is ek nea pest om syn 'geaardheid'. Mar dat komt neffens him om't er altyd yn in seksueel-freonlike omjouwing libbe hat.
Esther is foarlochtjer by it COC. Se hat as puber lange tiid wraksele mei har aard. Dêrby hat se ek faak tocht oan selsmoard en hat dat ek echt fan plan west. Se falt no op froulju, mar se hat ek lange tiid biseksuele gefoelens hân. Se is adoptearre en al dy gefoelens soargen derfoar dat se it net mear sitten seach yn it libben. Uteinlik is se der sels útkaam, sûnder help fan ynstânsjes.
Eksposysje Jong&Gay yn NHL Stenden