Furdjel Narsingh giet fuort by SC Cambuur

28 maaie 2018 - 18:30

Furdjel Narsingh ferlit SC Cambuur. De oanfaller giet net yn op de oanbieding dy't de klup him dien hat. Narsingh hie in ôfrinnend kontrakt en koe bytekenje ûnder oare betingsten. Dêr giet hy net op yn en dus moat er op syk nei in oare klup.

Foto: www.orange-pictures.nl

Narsingh spile yn twa ferskillende perioaden foar de Ljouwerters. Tusken 2014 en 2016 twa seizoenen en it ofrûne jier yn de Jupiler League. Dêr tuskenyn spile hy by earsteklasser Blau Wyt'34 yn Ljouwert. Dit seizoen kaam Narsingh troch blessueres mar oant acht wedstriden yn it giel-blau.

Cambuur hopet de kommende dagen ek noch in nije oanwinst te presintearjen.

(advertinsje)