Smellingerlân boude hûzen te ticht by heechspanningsmêsten

Yn Smellingerlân binne ferline jier 13 hûzen boud dy't te ticht by heechspanningslinen steane, wylst de Gezondheidsraad en it ministearje advisearje om dat net te dwaan.
Dat meldt RTL Nieuws. Neffens de sûnensried en it Ryk binne der mooglik risiko's op kanker by bern, ast ticht bij in heechspanningsmêst wennest. Njonken yn Smellingerlân waarden de ôfrûne jierren yn noch fiif oare gemeenten in lytse hûndert hûzen boud yn gebieten dêr't mooglik in te heech risiko op kanker is. Netbehearders binne der net bliid mei. It is tsjin de ôfspraken yn, sizze se.