Hanneke de Jong skriuwt Aksjeboek foar bern 2018

© Omrop Fryslân, Miranda Werkman
Hanneke de Jong skriuwt it Aksjeboek foar Bern 2018. It wurdt in boek foar bern yn de ûnderbou, geskikt om foar te lêzen of om sels te lêzen. It boek slút oan by it tema Freonskip fan de Berneboekewike 2018. It Aksjeboek sil yn de perioade fan 29 septimber oant en mei 31 oktober te keap wêze foar de aksjepriis fan 4,95 euro en wurdt útjûn troch útjouwerij Bornmeer.
Hanneke de Jong (1952) skriuwt berne- en jeugdboeken yn it Frysk en it Nederlânsk, lykas De lêste brief/De laatste brief (2001, mei in earfolle fermelding fan de 'Zoenjury'), Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen/Dertien dagen om een spetterend feest te organiseren (2013, Simke Kloostermanpriis), Wês net bang (2016, it wier barde ferhaal oer in santjinjierrich famke dat flechtet út Syrië fanwege de oarloch) en Heksegrytta (2017).
De yllustraasjes sille makke wurde troch Linda de Haan (1976). Se yllustrearret foar printeboeken, tydskriften, les- en lêsboeken en it berneprogramma Fratsen fan Omrop Fryslân. Sels makket se ek printeboeken wêrfan't it boek Kening & Kening, dat se tegearre makke mei Stern Nijland, yn tsien talen ferskynd is.