Unikum foar Fryske damklups
Prima resultaten foar de dammers fan Damkombinaasje Fryslân en De Oldehove. Se waarden respektyflik twadde en tredde yn de striid om de nasjonale dambeker yn Huissen. In unikum yn de Fryske damskiednis. De beker waard wûn troch it Drintse Hijken DTC.