Fryske fytsers stappe út NK

24 jun 2012 - 15:05

De hurdfytsers Lieuwe Westra, Pieter Weening, René Hooghiemster, Jenning Huizenga, Wim Stroetinga en Sierk Jan de Haan binne snein út de wedstriid yn Kerkrade stapt. De Fryske dielnimmers op it NK fûnen de sitewaasje yn de rein te gefaarlik of te dreech en Westra en Weening namen gjin risiko mei it each op de Tour de France, dy't sneon fan start giet.

De titel gong nei Niki Terpstra. De fytser fan Omega Pharma-Quick Step demarearre op rom 40 kilometer fan de finish en kaam allinne oer de einstreek. Yn 2010 waard Terpstra ek al kampioen.

Twadde waard Lars Boom fan de Rabobank, folge troch Bert-Jan Lindeman, ploechmaat fan Lieuwe Westra.

Healwei de koers yn Limboarch wie al hast de helte fan it peloton ôfstapt. Karsten Kroon en Tom Stamsnijder hienen de nasjonale titelstriid op de dyk al yn in betiid stadium ferlitten nei in falpartij. Troch it minne waar en de snotteglêde diken kamen úteinlik mar sechstjin man oer de einstreek.

(advertinsje)