Ariëns mist poadium yn Utrecht
Skeelerer Crispijn Ariëns út Wolvegea hat sneon by de fyfde etappe fan de KPN Inline Cup skeelerjen gjin poadiumplak helle. Yn Utrecht kaam Ariëns net fierder as in 9e plak. De winst gong ferrassend nei de Belg Sven Mallezie, dy't dêrmei syn earste oerwinning op it heechste nivo pakte. Willem Hut út Waskemar wie de bêste Fries mei in 4e plak.
By de froulju wie de Australise Brooke Lochland, wenjend op It Hearrenfean, de rapste. Margo van de Merwe út Wolvegea waard 5e, krekt foar Elma de Vries, oarspronklik fan De Haule, dy't as 6e einige.