Groep falt Feanster (16) oan

© Omrop Fryslân
In jonge (16) út Hearrenfean is sneontenacht mishannele by Oranjewâld. Hy woe mei syn maten troch de fytstunnel by de Koningin Julianaweg fytse, mar in groep hâlde har tsjin. Se namen in oare rûte. It groepke achterfolge de 16-jierrige jonge en krige him op de Prins Bernhardweg te pakken. Se ha him slein en omtreaun. De plysje wie warskôge en hâlde it groepke oan. By de groep sieten twa jonges (17) fan Hearrenfean, in jonge (16) út Oranjewâld en in jonge (17) fan De Knipe en ien (17) út Aldskoat.
Twa fan har, in jonge fan 17 fan Hearrenfean en in jonge fan 17 út Aldskoat, mochten wer nei hûs nei't bliken die dat se net meidien hiene oan de mishanneling. De oare trije binne ynsletten foar neier ûndersyk.