Man fêst foar mishanneling

24 jun 2012 - 13:50

De plysje hat sneontenacht in Ljouwerter (32) oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht in frou mishannele te hawwen en fytsen yn de grêft smiten te hawwen. De plysje wie ûnderweis nei in bordeel oan de Heerestrjitte nei in melding fan mishanneling. Underweis hearden se fan tsjûgen dat ien fytsen yn it wetter smiten hie. Se koene in goed sinjalemint jaan en it die bliken dat it om deselde man gie as dy't syn eks-freondinne mishannele hie.

De man is ynsletten.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)