Man rydt sleat yn en naait út

© Foto's Nico Feenstra - Kappers Media
Twa fytsers seagen sneonteacht in auto yn de sleat oan de Mandewyk yn Bakkefean lizzen. Ien fan har gie de sleat yn om te sjen oft der noch ien yn de auto siet, mar dat wie net sa. De brânwacht koe ek net ien fine, ek net yn de omjouwing. De bestjoerder, in man (21) út Waskemar, bliek thús te wêzen.
De plysje socht him op en liet him op it buro blaze. Hy hie dronken en moast syn rydbewiis ynleverje.