Kollumer yn gesicht slein

24 jun 2012 - 13:22

In Kollumer (21) is sneontenacht yn syn wenplak yn it gesicht slein troch in jonge (17) út Bûtenpost. It slachtoffer seach dat in groep jeugd ferfelend die tsjin in portier fan in hoarekagelegenheid oan de Eskesstrjitte en sei dêr wat fan. Doe krige er klappen.

De portier hâlde de fertochte oan en hat him oan de plysje oerdroegen. De jonge is ynsletten.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)
(advertinsje)