Jonge skopt tsjin plysjewein

24 jun 2012 - 13:14

In jonge (16) út Heech is sneontenacht yn syn wenplak oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht tsjin in plysjewein skopt te hawwen. Dat die er doe't de plysje yn de Van Harinxmastrjitte oan it surveillearjen wie.

De jonge makke diel út fan in groep jongeren. Hy hat proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)
(advertinsje)