Tink om bûsehifkers

24 jun 2012 - 12:59

De plysje warskôget om wach te wêzen foar bûsehifkers. Sneontemiddei binne minsken bestellen yn winkels oan de Dracht op It Hearrenfean. Earder dizze wike wiene trije minsken yn it sintrum fan Snits slachtoffer fan it stellen fan de beurs út tas of jas.

Neffens de plysje wiene mooglik froulju fan Easteuropeeske komôf aktyf yn Snits.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)