PvdA freget MBO-ers nei OV

Op ROC Friese Poort en it Friesland College yn Ljouwert wurdt moandei in OV-aksje hâlden. PvdA-Twadde Keamerlid Jacques Monasch fan Snits en lokale PvdA'ers wolle fan MBO-studinten witte wat har ûnderfinings binne mei it iepenbier ferfier. Om de kwaliteit fan it iepenbier ferfier te ferbetterjen, is it neffens de partij fan belang om te witten wat jongeren dêr fan fine. De PvdA hat hjirfoar ek ûnder oare op skoallen op It Hearrenfean en yn Swolle west.
Yn july presintearret de partij it resultaat fan alle besites.