Berne-iepenloft giet net troch

24 jun 2012 - 12:23

It berne-iepenloftspul fan Easterwierrum giet sneintemiddei net troch fanwege de rein. Ek de ferfangende datum fan dizze foarstelling, moandeitejûn, giet om it minne waar oer. Minsken dy't kaarten foar de foarstelling hawwe, kinne dy brûke foar de oare plande foarstellingen. Der is noch wol plak. It stik De stim fan Lûdsjewierrum wurdt noch spile op 27, 29 en 30 juny en 4 en 6 july. De autocross op it sirkwy yn Wolsum giet snein ek net troch, lykas it keatsen yn Berltsum.

De City Proms, it klassike muzykfestival yn de Ljouwerter iepenloft gie wol troch. It Frysk Jeugd Orkest spile sneintemiddei op it poadium by de Aldehou wylst it publyk ûnder de paraplu harke. De programma-ûnderdielen dy't pland stiene yn de Prinsetún Koepel binne ferpleatst nei it Loungepaviljoen op it Aldehoustertsjerkhôf. De Operasjongers fan it Keninklik Konservatoarium spilen yn it Stadhouderlijk Hof

Trefwurden: 
rein berne-iepenloftspul
(advertinsje)