Gersbaanracers fjirde op WK

24 jun 2012 - 11:32

De Nederlânske gersbaanploech is op it wrâldkampioenskip foar lanneteams as fjirde einige. Yn St. Macaire helle Nederlân mei de Friezen Theo Pijper en Jannick de Jong en Grinslanner Mark Stiekema 39 punten. Reserve Jeffrey Woortman kaam net yn aksje. Dútslân wûn krekt as de ôfrûne jierren de titel. Ingelân waard twadde en Frankryk tredde.

Dirk Fabriek waard by de ynternasjonale gersbaanwedstriid yn de Grinzer Pein fiifde. Fabriek wûn alle searjes, mar krige yn de finale maleur mei de motor.

Trefwurden: 
gersbaan motorsport
(advertinsje)
(advertinsje)