Mear bedriuwskavels De Gordyk

© Argyf Omrop Fryslân
De gemeente Opsterlân wol it bedriuweterrein op De Gordyk mei sân hektare útwreidzje. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de fraach nei bedriuwskavels dêr it grutst is. Boppedat is De Gordyk is meast logyske plak neffens de gemeente, omdat op it bedriuweterrein dêr no al de measte ûndernimmers sitte.
Ut it ûndersyk komt ek nei foaren dat sa'n 80 persint fan de bedriuwen mei ferhúsplannen yn de eigen gemeente bliuwe wol. Opsterlân fynt dat der foar dizze ûndernimmers genôch goeie bedriuwskavels bliuwe moatte.