CU boykot gearkomste

24 jun 2012 - 09:40

De ChristenUnie yn Eaststellingwerf boykot de fergadering fan de gemeente mei Weststellingwerf en Opsterlân. De gearkomste is woansdei yn Hotel de Zon yn Easterwâlde. By it plannen fan de fergadering waard der fanút gien dat Oranje fuotbalje moast. Dêrom soe der earder begong wurde en soe der iten komme fia it restaurant.

De ChristenUnie fynt dat de gearkomste prima yn it gemeentehûs plakfine kinnen hie. Yn tiden fan besunigings kin it net sa wêze dat fanwege it fuotbal riedsleden sa lúkse ûntfongen wurde, fynt de fraksje.

(advertinsje)
(advertinsje)