Fermiste frou noch net fûn

24 jun 2012 - 09:29

De syktocht fan de plysje nei de fermiste frou út Seisbierrum hat sneon neat opsmiten. De 36-jierrige frou ferliet freedtejûn yn 'e war de kemping yn Terherne. Dêr wie se mei har mem. Dêrnei is der neat mear fan har fernaam.

Der is sneon socht op en by de Snitsermar. Der waard in boat mei sonarapparatuer ynsetten. Fierder hat de plysje mei speurhûnen en mei in helikopter nei de frou op syk west. Jûns om healwei sânen waard de sykaksje stopset omdat de sonarapparatuer stikken wie. Dy is makke. Snein wurdt der fierder socht.

Trefwurden: 
fermissing Terherne
(advertinsje)
(advertinsje)