Ilse Kraaijeveld kampioen

23 jun 2012 - 19:31

Ilse Kraaijeveld is sneon op It Hearrenfean Nederlânsk kampioen wurden op de 50 meter frije slach. De 21-jierrige ynwenster fan Dokkum tikke troch in sterke einsprint krekt earder oan as Chantal Senden (25.33 om 25.41). Foar Kraaijeveld in moai súkses neidat de Olympyske kwalifikaasje foar de Nederlânske ploech foar de 4 x 100 meter frije slach mislearre. Sûnt maaie fan dit jier traint se wer by Orca (it regionale talinteteam) mei trainer Henri Koek. Dêrfoar siet se fan septimber 2010 yn Eindhoven by toptrainer Jacco Verhaeren.

Trefwurden: 
swimmen Ilse Kraaijeveld
(advertinsje)
(advertinsje)