Van der Bos wint eigen doarp

23 jun 2012 - 18:02

Gert-Anne van der Bos, Hendrik Bouwhuis en Folkert van der Wei ha mei oermacht de útnoegingspartij yn Holwert wûn. Yn de finale moast it partoer fan Site Ferwerda, Taeke Triemstra en Marten Feenstra mei 5-2 en 6-0 belies jaan. Kening Gert-Anne van der Bos wie yn eigen doarp geweldich op dreef oan de stuit. De lytse preemje wie foar Pieter van Althuis, René Anema en Jouke Bosje.

(advertinsje)
(advertinsje)