De Vries en Van der Heide fit

03 nov 2011 - 12:16

SC Cambuur kin freed yn de wedstriid tsjin MVV wer beskikke oer Mark de Vries. De oanfaller miste de wedstriid tsjin Sparta troch in blessuere oan it kût. Yn dy wedstriid ferliet Sandor van der Heide it fjild mei in blessuere oan de holle. De oanfierder is lykwols gewoan ynsetber tsjin MVV.

Leon Hese komt werom fan in skorsing fan trije wedstriden. Oft de ferdediger ek spilet is noch mar de fraach. De technyske stêf sil in kar meitsje tusken him en Robert van Boxel.

(advertinsje)