Minne ljepperij De Jouwer

23 jun 2012 - 17:46

De sechsde fierljepwedstriid fan it seizoen op De Jouwer trof it wer ris net. Troch de hurde sydwyn op de barten wiene der in hiele protte wietsprongen. Wol droech oerkomme betsjutte in meagere ôfstân. Thomas Helmholt wûn mei 17.95 meter by de senioaren, in ôfstân dy't past by it fierljepferline. Rein van der Wal waard twadde mei 17.81.

Klaske Nauta wie de fierste by de froulju mei in ôsftân fan 13.96 meter. Hans Ulco de Boer wie de bêste by de junioaren mei 17.80. Bobby Zwaagman by de jonges mei 16.15.

In protte toppers hellen de finale net. Sa rekken de topklassers Bart Helmholt en Nard Brandsma trije kear te wetter en ek Thewis Hobma helle mar ien kear it sânbêd. Syn 14.49 wie lang net genôch foar de finale. Yn it algemien klassemint oer sân ôfstannen giet Hobma noch wol oan de lieding, foar Nard Brandsma en Bart Helmholt.

By de froulju stiet Grytsje Abma út Heeg boppeoan yn it klassemint, folge troch Hiske Galama en Klaske Nauta.

Trefwurden: 
fierljeppen
(advertinsje)