Knokkerij op de flechtstrook

De A7 © Google Street View
De plysje hat freedtejûn in 20-jierrige ynwenner fan Den Haach en in 24-jierrige man út Wildervank oanhâlden foar mishanneling. Se soene op de A7 by Boarnsweach in 38-jierrige Jouster yn elkoar slein hawwe. Tsjûgen seagen twa auto's op de flechtstrook en dat ien yn syn auto mishannele waard. Dêrnei naaiden de fertochten út.
De tsjûgen hiene it nûmer fan de auto opskreaun en de plysje belle. Dy koe de manlju oanhâlde. Yn harren auto fûn de plysje softdrugs en amfetamine. De drugs binne yn beslach naam. De fertochten binne fêstset op it buro.
It slachtoffer moast nei it sikehûs. Wêrom't er klappen krige, is noch net dúdlik.