Dochter meldt húslik geweld
De plysje hat freedtejûn in 47-jierrige man fan It Hearrenfean oanhâlden foar húslik geweld. Hy soe syn frou ferskate kearen mishannele hawwe.
Harren dochter fan 10 jier belle 112 om te melden dat har mem yn elkoar slein waard troch har heit. De plysje hat de man fêstset foar fierder ûndersyk.