Foarljochting oer DNA-ûndersyk

23 jun 2012 - 14:51

It iepenbier ministearje en de plysje sille de kommende wiken mei minsken prate oer it grutte DNA-sibbenûndersyk. Justysje wol de famyljemetoade ynsette om de dieder fan de moard op Marianne Vaatstra te finen. De petearen binne bedoeld om ynformaasje te jaan.

Yn De Westereen, Feankleaster en ferskate doarpen dêr yn 'e omkriten sille plysje en justysje oan groepkes minsken freegje wat sy derfan fine. De ferwachting is dat in soad minsken foar it nije ûndersyk binne. Marianne Vaatstra waard yn 1999 fermoarde. De dieder is nea fûn.

It is noch net bekend yn hokker doarpen en wannear krekt de saneamde 'boargerfoarums' wêze sille. It is ek noch net alhiel wis oft it DNA-ûndersyk sels trochgiet. It iepenbier ministearje hat dêrfoar in fersyk dellein by it kolleezje fan prokureurs-generaal. As it wol trochgiet, is it it earste grutskalige 'DNA-verwandschapsonderzoek' yn Nederlân.

(advertinsje)