Eveneminten ôfsein om waar

De autocross van Blauhûs giet snein net troch fanwege de hurde wyn en it reinwetter fan de ôfrûne dagen. Snein sil der ek in soad wetter falle, sa is de ferwachting. De cross sil no takom wike snein 1 july hâlden wurde.
Fierders giet it truck- en tractorpulling-evenemint yn De Knipe snein ek net troch. De organisaasje hat besletten it te ferpleatsen yn ferbân mei de minne waarsfoarsizzings. It frachtwein- en trekkerlûken is no op snein 1 july.