Adema gjin fêste boargemaster

Piet Adema wol net de fêste boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen wurde. Hy docht net mei oan de proseduere dy't dêrfoar yn gong set is. Adema is sûnt ferline jier waarnimmend boargemaster yn Achtkarspelen. Hy folge tydlik Tjeerd van der Zwan op dy't Achtkarspelen ferliet foar de gemeente Hearrenfean. Adema hie der sels doe krekt fjouwer jier opsitten as Fryske deputearre út namme fan de Christen Unie.
Adema wit noch net krekt wat er yn de takomst dwaan wol. It kin yn it bedriuwslibben, mar ek yn it iepenbier bestjoer wêze.
Adema ferwachtet dat de nije boargemaster pas begjin takom jier begjint. Oant dy tiid bliuwt er oan as waarnimmer yn Achtkarspelen.