Nij havengebou yn Kollum

Yn Kollum is sneontemoarn in nij havengebou en dito bûlevaar iepene troch deputearre Jannewietske de Vries. Mei it steatejacht fierde se in boateparade oan dy't einige yn de haven.
Yn it havengebou sitte no fjouwer romme dûsromtes. De fasiliteiten foar minsken mei in beheining binne ek folle better wurden. Yn de âlde situaasje moasten sy harren bûten omklaaie. Sneon binne der noch de hiele dei aktiviteiten op it wetter fanwege de twadde edysje fan Sail Kollum.