Asbest op kemping Stortemelk

23 jun 2012 - 12:31

Op kemping Stortemelk op Flylân is ûnrêst ûntstien oer asbest dat dêr fûn is. Yn in bult fan 50 kúb grûn dy't op de kamping stoarten wie, waard in stik asbest oantroffen. De grûn komt fan de haven fan it eilân.

De gemeente hie noch wol in ferklearring fan skjinne grûn foar de bult ôfjûn. Mei de eigener fan de kemping is no ôfpraat dat de grûn der wer weihelle wurde sil. De plakken wurde opfolle mei dúnsân.

Trefwurden: 
asbest Stortemelk
(advertinsje)
(advertinsje)