Dútser ferdronken yn Starum

23 jun 2012 - 12:16

In 72-jierrige Dútske man is freedtejûn ferdronken yn Starum. Nei't er de fuotbalwedstriid Dútslân-Grikelân sjoen hie, wie de man mei freonen by it wetter fan de jachthaven Marinehaven delrûn. Nei alle gedachten wie de man ûnder ynfloed. Hy foel yn it wetter, waard derút helle en dêrnei oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. Dêr is de man ferstoarn.

(advertinsje)
(advertinsje)