Nêsten It Amelân bliuwe droech

23 jun 2012 - 12:10

It giet goed mei de fûgels op It Amelân. Yn tsjinstelling ta de berjochten dy't fan Skylge en Flylân komme, belibbet It Amelân in topjier. Op de oare eilannen strûpten nêsten derûnder en ferdwûnen aaien en jonge pykjes yn see.

Neffens Jan Jelle Jongsma fan it Fryske Gea leit It Amelân mear yn de beskutting as de oare eilannen by hurde wyn. Dêrtroch rinne de pôlen net ûnder wetter.

Trefwurden: 
It Amelân nêst
(advertinsje)
(advertinsje)