Skûtsje omslein op Burgumermar

23 jun 2012 - 12:01

Op de Burgumermar is sneontemoarn it skûtsje fan Freddy van der Heide omslein. Hy die mei oan de jierlikse pleatslike wedstriid. Dit jier dogge der santjin skûtsjes mei. It evenemint bestiet sûnt 2009. It is yn 2010 en 2011 net trochgien fanwege it minne waar.
Dizze kear wie it ek spannend oft it wol trochgean koe fanwege de hurde wyn. De organisaasje besleat it der dochs mar op te weagjen.

De silerij gie sneontemiddei dochs net troch. De wyn wie mei krêft sân te hurd. De winst gie nei Klaas Kuperus yn A-Grut en Rinze Herrema yn A-lyts.

De Burgumermar is ûndjip. As de skûtsjes skeanhingje, kinne se gau mei it swurd de grûn reitsje en omslaan.

Trefwurden: 
skûtsje Burgumer Mar
(advertinsje)